Poiesz supermarkten gunt ús ek dit jier wer de dielname oan de jeugd-sponsoraksje! Dit wurdearret muzykferiening Excelsior fan Skearnegoutum tige om't eltsenien wit dat de kosten fan in jeugdkorps heech binne.

Mei de sponsoropbringst wolle wy benammen muzikale projekten en ûnderhâld fan ynstruminten betelje. Wy binne as feriening súnich mei ús sinten, mar moatte wol goed derom tinke dat it ynstrumintarium yn goede steat bliuwt en dat kostet fansels wol wat!

Excelsior krijt meikoarten 500 "voordeel clubpassen" en dêrmei kinne jimme ús klub stypje. De pas wurdt scand en sa krije wy digitale munten fan Poiesz byskreaun. En de klant sjocht it foardiel werom op de kassabon.

Fansels wol eltsenien in clubpas fan Excelsior ha, sadat wy wer in hege opbringst ha oan de ein fan de aksje!